“Hasto dat ek wolris?!” Heit rint dúdlik sykjend en in bytsje ferbjustere troch de keamer. “Datsto ien fan dyn beide sokken kwyt bist?” Hy is al in hiele tiid dwaande om troch it hiele hûs te sykjen en hat de meast logyske plakken al mear as ien en twa kear hân. Oeral tinkt hy de sok sjen te lizzen.
Fansels, dat haw ik ek wolris mar gewoanwei meitsje ik my der net sa hiele drok om. Yn de measte gefallen komme se wol wer boppe wetter by it optearjen fan de wask en dan is it wer kompleet.
In dei letter bin ik wer by heit rûn iterstiid. Hy sit no moai syn krantsje te lêzen yn de stoel en is aardich rêstiger. “Witst wol wêr’t ik juster myn sok fûn ha”, freget hy licht triomfantlik mar tagelyk ek in lyts bytsje beskamme. “Ik hie juster twa ferskillende sokken oan…”