Ferrassingsmomint

“Is it in kadoke?” De freonlike jongedame yn’e winkel stiet al yn’e hâlding om oan’e slach te gean mei ynpakken en hja doare dan ek amper ‘nee’ te sizzen. In pear tellen letter hat sy al in grut ein plastiken foly fan’e rolle skuort, wurdt de foly der mei in fitere lintsje om hinne fêst makke mei in hânfol konfetty der by yn en sitte der fleurige lintsjes om hinne dy’t mei de skjirre op in handige manier noch fleuriger makke wurde.

In pear mominten letter wurdt it kado oerhandige. Noch folle rapper mar mei krekt wat minder swung wurdt it wer útpakt, dwarrelt de konfetty troch de keamer en ferdwynt de foly mei de fleurige lintsjes yn’e jiske-amer. Miskien bin ik wolris wat te swart-wyt, mar ik fyn it dochs eins wol wat kolder hoe’t wy foar in lyts ferrassingsmomintsje fan de wrâld langsum oan in grutte ôffalbinde meitsje.