Erfeniske

“Sjoch, dizze is fan dy.” Ik bin noch mar krekt by heit de keamer yn stapt of hy lûkt in laat iepen en hellet dêr sa’n grien, heal ferpaupere album út. De lêste tiid sit hy wol gauris yn’e âlde foto’s te sneupen en no hat’r in boek fûn mei plaatsjes fan âld Surhústerfean dat opa Kooij gearstald hat.

“Eigendom van Dirk Johannes Kooij”, stiet der yn skreaun mei it hânskrift dat ik fan him weromken. It wie samar in heal oerke fierder doe’t ik alle foto’s besjoen hie, en ik kin net oars sizze as dat ik bliid bin mei dit erfeniske.

Sûnt myn hier wat grizer wurdt, ynteressearje ik my nammentlik ek wat mear foar it âlde guod en dizze dagen dy’t rinne nei it ein fan it jier – wêryn ik sit te genietsjen fan âlde muzyk mei de Evergreen Top1000 – komt it ek noch hiel moai út.