Elk jier rûnom dizze tiid krij ik in berjochtsje fan in hiele goeie muzykfreon dy’t my dêrmei wiist op de Evergreen Top 1000. Fansels haw ik dizze perioade al lang yn myn aginda stean, want ek Radio5 wiist regelmjittich op de moaiste muzyk út it ferline, mar dit kontaktsje soarget dochs foar in spesjale ferbining.
Ik sjoch der no al wer in hiele tiid nei út. Myn keamer is opromme, de kachel hat it alle dagen hearlik op temperatuer en de radio stiet steefêst ôfstimd op Radio5. Efkes gjin oare aktiviteiten, alle dingen dy’t ik binnendoar dwaan moat, haw ik foar dizze perioade yn’e aginda stean.
Hearlik fyn ik dit, genietsje fan de dingen wêr’t ik fan hâld en dat allegearre yn myn eigen domeinsje mei ûnder oaren Abba, U2, Doe Maar, Boney M en Dire Straits. Dus wa’t my nije wike mist, ik bin oan it lústerjen nei muzyk.