“Ast ien kear yn’e foto’s sitst…” Heit fertelde it my ferline wike neidat hy in moarntiid yn’e fotoboeken sitten hie en syn tiid foarby flein wie. No bin ik sels dwaande mei it op oarde bringen en digitalisearjen fan myn âlde fotoboeken en fernim it sels.
Ik lês de ferhaaltsjes dy’t ik derby skreaun haw – eins siet it skriuwen der al hiel jong yn en makke ik ek oeral en nearne foto’s fan. Wat seach ik der noch jong út yn de tiid dat wy sinteklaas helpe mochten as swarte Piet, doe’t ik badmaster wie… Och, och, wat haw ik al wat by’t ein hân.
Wêr’t ik eins best wol in bytsje fan skrik is it oantal persoanen wêrfan ik foto’s sjoch dy’t al net mear ûnder ús binne. Wat is in fotoboek dan eins ek fol fan wearde! Efkes de tiden opnij belibje, efkes werom sjen wat west hat.