‘Wy hawwe wol in fertsjusterjend tintsje dat yn twa sekonden stiet’, sa hiene freonen ús útnûge om in nachtsje del te kommen op’e camping en ‘ja, ús opblaasbêd-mei-latteboaiem past der wol yn.’
It liket heechsimmer te wurden en mei minimale kampearútrissing arrivearje wy op’e camping. Wy skrikke al wat fan it superlytse tintsje dat der foar ús klear stiet. Us bêd past mei passen en mjitten, wy kinne der krekt net langút yn lizze mar slagje der oan’e ein fan’e jun nei in hiele operaasje wol yn om ûnder de tekkens te kommen. Gelokkich hawwe wy gjin lêst fan klaustrofoby yn dizze op MRI-skanner lykjende romte.
Healwei de nacht is it dan opnij in hiele syktocht om der efkes út te kommen. De oare moarn hawwe wy goed slept, mar no reint it en is de bagaazje dy’t bûten stiet dweiltrochwiet. Fannacht wurdearje wy fêst ús eigen hûs wer mear!