Bysûnder

Efter de skermen

Yn it programma fan de Kerkenbeurs wie ek de mooglikheid om in rûnlieding te krijen troch it gebou wêr’t wy te gast wiene, de Bethel yn Drachten. No, dêr woene wy fansels wol efkes sjen, want hoe moai as wy it yn ús eigen gemeente ek foarinoar hawwe, buormans gers is altyd griener.

Wat in gebou krigen wy te sjen, wat in sealen en in apparatuer, werklik in aardichheid. It meast bysûndere fan de rûnlieding fûn ik dochs wol dat de rûnlieder fertelde oer de minuten flak foar de oanfang fan de tsjinsten.

“Dan komme alle meiwurkers fan efter de skermen byinoar om mei syn allen te bidden foar de tsjinst. En dan by it amen, dan stowe sy allegearre nei harren plak, hiel bysûnder om te sjen.” Ik krige der efkes in byld by en fergelykje hoe’t dit barren by ús giet. Miskien kinne wy it mear bysûnder meitsje.