Wjirms

“Dick! Help! Do moatst drekst komme!” De rop om help is dúdlik genôch. Ik lis dan ek myn toskboarstel fuortdaliks del en sto hastich by de trap del. Op it oanrjocht leit myn kompjûtertaske mei dêrop in bultsje drabze dat net hiel lekker rûkt.

“Der sit wat yn dat beweecht!”, wurdt my dúdlik makke. Us jongste poeske ha’t der op skiten en it blykt dat sy wjirms hat. It earste wêr’t ik oan tink is hoe’t ik myn kompjûtertaske rêde kin fan dizze drabze, mar wy moatte earst oan’e slach mei ûntwoarming.

Dat is gelokkich al gaueftich klear, mar ik freegje my wol ôf werom as dy drabze no krekt op myn kreaze kompjûtertaske moast, mar gelokkich is dat ek samar wer skjin. No earst myn hannen waskje en dan kin ik myn toskpoetsen dien meitsje. De rêst is werom yn’e hûs en Tess sit alwer yn’e finsterbank te pronkjen.