Kuolkast

“It liket my net goed datsto yn’e kuolkast sitst!” It is noch hiel betiid as ik fanmoarn oan myn moarnsiten sit, en miskien bin ik noch net hielendal wekker, mar ik hear it dochs hiel dúdlik dat der net bepaald komplimintearjend lûdop praat wurdt.

Meidat ik niiskrekt aardich oan it omrommeljen west haw om it juste jampotsje te finen en ik dêrtroch miskien wol wat rommel makke haw yn it krekt skjinmakke en opromme apparaat, fiel ik my fuortdaliks oansprutsen. “Ja mar…” Hja wit wol hoe’t soks giet.

“Ik haw it hielendal net tsjin dy”. Sa krij ik te hearen. Efkes skodzje ik mei myn holle en freegje my ôf as ik dan dochs noch in dreamlân bin, mar dan wurdt al dudlik hoe it sit. “Ik haw it tsjin dit migje dat de kuolkast yn wol.” Dan begrip ik it, it is ommers ek sa, Nynke praat mei bisten.