It is in reinige snein en dan witte hja wol hoe’t it faaks giet. Ien kear thús út de tsjerketsjinst in kop sop mei in broadsje en dêrnei in knipperke op’e bank. Mei in bakje tee op’e tiid en en kop kofje mei wat lekkers der by, bliuwt dit ek it plak wêr’t wy wat hingjen bliuwe.
“Moatte wy der ek noch efkes út?”, sa opperje ik nei de kofje, in lyts bytsje tinkend oan ús beweging en sûnens. De reaksje op it foarstel is net hiel entûsjast. “Och ja… echt?” In kertier letter rinne wy dochs de strjitte út mei de paraplu ûnder de earm.
“Sa, dat hawwe wy dochs mar wer dien”, sa jouwe wy ússels in heal oere letter in skouderklopke. It bliuwt in goeie saak om inoar te stimulearjen. “Want…”, sa jou ik earlik ta, “eins hie ik hope datsto ‘nee’ sein hiest op myn foarstel.”