Pennestreep

“Oh nee!” Under it puzeljen is der per ûngelok in pennestreep kaam yn de noch net sa lang lyn oanskafte fauteuil. It is sneontejûn en wy sitte rêstich ús dinkje te dwaan, mar nei de pennestreep is it ynienen dien mei de rêst.

Alles wurdt ôfsocht om garânsjebewizen en faktueren, want wy hawwe foar dizze net hiel goedkeape stoel in spesjale fersekering ôfsluten, dus dy pennestreep moat der beslist wer út. Ik stel foar om earst yn alle rêst sels te probearjen de skea te ferhelpen, mar hjir mei ik my ûnder gjin beding oan weagje.

Moandeitemoarn hearre wy fan in hiele freonlike mefrou oan de telefoan dat de pennestreep spitigernôch net ûnder de fersekering falt. Ik haw ûndertusken al socht nei in oplossing en op in rêstich momint slagget it my om de pennestreep te ferwiderjen. Dan bin ik ynienen in kanjer! Dêr kin dochs gjin fersekering tsjin op.