Unhandich famke

Us taffeltsje hat sy kuerich skjin makke en ús konsumpsjes mei wat lekkers der by by ús ôflevere. Mei syn fjouweren sitte wy yn in kafeeke efkes gesellich. Ik haw al wol sjoen dat it jonge famke dy’t ús betsjinnet net it handichst is en hiel ûnwis oerkomt.

In pear minuten letter betsjinnet sy de gasten tsjinoer ús en lit hjir in kop tee op’e tafel donderje. “O sorry”, is it iennichste wat sy útbringt, har kollega’s romje de brut wer op. Mei in reade holle ferdwynt se stikem nei de keuken.

It grypt my suver oan. Allegearre moatte wy de knypkes fan ús wurk earne leare en dêrby giet no ien kear wolris wat mis. By it ôfrekkenjen kin ik it dan ek net litte om har efkes wat bemoedigjende wurden ta te sprekken en in skouderklopke te jaan. Sy hat wer efkes in glimke, dat docht my goed.

Scroll naar boven