In jong steltsje rint omearme kuierjend foar ús yn de Ikea. By in keukentsje sjogge wy harren fantasearjend stean, sy sjogge inoar oan en binne it sa te sjen hielendal iens oer hoe’t sy harren hûs yn de takomst ynrjochtsje sille. It is suver in aardichheid om te sjen, ik wurd der hast in bytsje waarm fan.
“Sa rûnen wy hjir jierren lyn ek wol om”, sa komt der yn myn gedachten omheech en ik diel dit lûdop wylst ik myn earm om Nynke hinne slach. “Doe fantasearren wy ek noch folop oer letter.”
“Wy binne no letter”, sa bringt sy my leafdefol werom yn it hjoeddeistige, wylst sy ek in earm om my hinne slacht. Wy skowe de karre mei ús útsochte guod fierder de tiid yn. As wy efkes letter noch in bakje kofje drinke, sjogge wy it steltsje ek wer sitten, drok fantasearjend oer it moaie letter.