“Dizze froulju wolle graach in enkête dwaan, soene jo dêr wol oan mei wurkje wolle?” Beppe kin ús heit wol en leit krekt út wat har bernsbern mei twa freondinnen wol en fansels wol myn heit – wêr’t ik efkes thús bin – hjiroan wol meidwaan.
“En do wolst fêst ek wol meiwurkje”, sa oerrompelet beppe my fuortdaliks. “Wêrmei dan krekt”, sa freegje ik omdat ik eins mar sa’n bytsje de helte fan it boadskip meikrigen haw. Beppe wit it allegearre krekt te fertellen, eat mei de ynfloed fan Ingelske taal op it Nederlânsk of sa, en fansels wol ik dêr wol oan meidwaan.
Mar myn eachbrauwen geane hjir dochs wol efkes omheech. No begryp ik wol dat beppe mei wie om it kontakt te lizzen, mar sy hat werklik stees it wurdt fierd en alles foar dizze bern regele. Leare dy froulju tsjintwurdich sels net mear harren saakjes ôf te hanneljen?