“Dat wie ek wol wat foar dy west Dick, Frysk skriuwe en – appe.” Yn de hal fan it sealesintrum wêr’t ik krekt myn gearkomste ôfslút, kom ik in stik as tsien kursisten tsjin dy’t in workshop Frysk skriuwe folgje. Se hawwe efkes skoft en dat betsjut: tiid foar in bakje kofje.
Myn iene wynbrau docht wat nuver, mar ik leau net dat dit te sjen is. “Folgest my tafallich ek op Facebook?”, freegje ik har in lyts bytsje ferbjustere. Ik doel op myn artikeltsjes fan 150 wurden wêrfan ik ûnderwilens wol sa’n hûndert publisearre haw.
– “Ik sjoch wolris wat fan dy foarby kommen leau ik.”
Skriuwe yn myn memmetaal, dat probearje ik al jierren te promoatsjen en yn libben te hâlden. Om myn poadium in bytsje libbendich te hâlden, moat dit sa ienfâldich mooglik, want oars heakje de minsken ôf. Miskien is in kursus Frysk lêzen ek in idee…