Taryfke

“Ik kin it amper sjen mei dy lytse letterkes en dy grutte lampe dy’t yn myn gesicht skynt.” In âlder froutsje stiet foar ús yn in lange rige foar it parkearautomaat by De Lawei.

Sûnt koart moat der betelle wurde om de auto op it terrein te setten en oan de minsken dy’t efter ús steane, fernim ik wol dat sy hjir net bliid mei binne en dat it om aardige bedragen giet. “Ja, sy moat hjir meikoarten yn de gemeente in nij swimbad bouwe hin”, merkt in oare frou op.

De frou dy’t oan de beurt is kriget al wat mear dúdlikheid: sy hat der wat jild yn smiten en no giet der in ljochtsje brânen. ‘Wolkom yn Smallingerland’, sa seit it apparaat. “No wolkom!”, sa gnysket de man efter ús. Hjir makket Drachten leau ik gjin freonen mei, ik tink dat Surhústerfean geselliger is wat dat oanbelanget.