It wie acht graden ûnder nul doe’t wy begûnen mei ús etappe fan it Pieterpad. Foar ús dwaan wie dat aardich kâld, en wy binne dan ek al gau oan it krimmenearjen: kâlde teannen, kâlde fingers, kâlde billen en ensafuorthinne.
Hiel efkes gean myn tinzen nei de flechtlingen út Oekraïne mei sjaals en winterjassen om harren hinne dy’t hûs en hiem kwyt binne, mei bern op’e rêch of oan’e hân en besittingen yn grutte tassen meitôgjend nei ûnbekende bestimming.
‘Wat is kâld’, sa betink ik my, mei beleine stikjes bôle en waarm wetter foar kofje en tee foar de hiele dei yn’e rêchsek. Wy genietsje fan de natuer, sjogge út nei it einpunt fan de etappe en kinne dan mei in foldien gefoel thús in waarm bad nimme.
Oh ja, by thúskomst hawwe wy ússels ek noch traktearre op in beker waarme poeiermolke mei slachrjemme. Tsja, wat is eins kâld?