Tafelskikking

Wa fersoarget it wolkom by de lunch?”, freegje ik my ôf as ik as ien fan de earsten oankom by it gebou en dêr mei noch in pear gasten inoar wat oan steane te sjen. Foardat it antwurd der is betink ik sels de oplossing: ik doch is sels.

Wolkom, moai dat jo der binne”, sprek ik de minsken – wêrfan ik de measten wol kin – ta en wiis de wei. Tafallich stiet by de doar fan it sealtsje sa’n nûmerke-lûk-apparaat wêrmei’tst oanjaan kinst wa’t oan’e beurt is, mar ik brûk it oars.

Graach in nûmerke lûke foar de tafelskikking”, sprek ik hiel serieus yn myn kreaze pak. De minsken sjogge my fernuvere oan, mar helje in papierke út it apparaat. Sa sit de helte fan it selskip letter te iten mei in nûmerke yn’e hân en wit net wat sy der mei moatte. It iten smakke der net minder om.