Piep… piep… piep… It sil sa om de tritich sekonden wêze dat op de oerloop in lûdsje te hearren is dat ik mar al te goed werom ken: it jout oan dat de batterij fan it brânalarm hast leech is. Moai systeem, sadat hja altyd witte dat der aksje ûndernaam wurde moat.
Mar net no! It is fiif oere yn’e moarn en eins bin ik noch net hielendal klear mei sliepen. Ik probearje it lûdsje wat te negearjen en draai my nochris om, mar it wol net rjocht slagje. Hieltyd is it der wer krekt foardat ik wer hast yn sliep falle sil.
Nettsjinsteande it lûd sa fel net is as it sinjaal dat klinkt as der brân is en wy echt yn aksje komme moatte, beslút ik dat ik ek dochs mar efkes wat dwaan moat. Heal sliepend helje ik de batterij der út, moarn mar ris wer sjen.