Panyk

De sirene fan de brânspuitauto komt stees tichterby en stoppe net fier fan ús ôf. Ik meitsje oanstalten om polshichte te gean nimmen. “Mar der fleanste dochs net efteroan?!”, sa krij ik te hearen. Sa’n twa minuten letter bin ik der al efter dat it wierskynlik om in skoalebesikje fan de brânwacht giet en dêrom stjoer ik in berjochtsje nei hûs: grutte reekplommen boppe de Bernebrêge.’

As ik efkes letter wer thús kom, sjoch ik dat ús hûs leech is mar de doar iepen steat. ‘Ha, sjochst wol datst der sels ek efteroan fleanst’, sa tink ik, mar de panyk liket aardich grutter: in freondinne dy’t de bern op de Bernebrêge hat, is skille dat sy fuortdaliks komme moat omdat de skoalle yn’e fik stiet. Dy springt yn panyk op’e fyts en skeurt dizze kant op om de bern te rêden. Tsja, dit soad reaksjes hie ik fansels net foarsjoen.