Myn idee om dit rubrykje fan hûndertfyftich wurden te gean skriuwen komt út de Volkskrant, sa hie ik alris útlein. Hiel maklik haw ik somtiden in koart ferhaaltsje op papier. Ik soargje der alle kearen foar dat it bestiet út eksakt hûndertfyftich wurden.
Fanmiddei diene wy in koarte lunch yn Brasserie Kolkzicht en dêr blêdere ik efkes troch de Volkskrant en fansels lies ik it rubrykje mei de titel 150, dizze kear skreaun troch Paulien Cornelisse.
Ik moast der wol efkes om laitsje, mar eins wie ik ek wol benijd of dizze skriuw(st)ers harren ek sa krekt hâlde oan it oantal wurden. Dêr siet ik yn it restaurant de wurden te tellen en ta myn fernuvering ûntdekte ik dat dizze rubryk út 143 wurden bestie en moast noch mear laitsje. Meitsje ik my no te drok of binne sy te maklik? Wy kinne derom laitsje en dêr giet it om.