De pyk siet dúdlik net sa lekker yn har fel, sy stie wat tenearslein yn in hoekje, by de oare piken wei. Oan har bealchsein koene wy wol sjen: hjir doocht wat net. En dus moast it bist efkes fangt wurde. No, dan giet it der om wei yn it pikehok, mar it is slagge. De yngewanten hongen der út dat wy binne mar mei it bist nei de bistedokter west. Dêr kaam ik ynienen foar de kar: it bist ynsliepe litte of in hechting deryn mei kâns op trochlibjen.
In bist samar dea meitsje giet my raar genôch, dat ik ha keazen foar de lêste. Hjoed moast it bist dus wer fangt wurde om de hechting derút te heljen. En no is it mar ôfwachtsjen hoe’t it de kommende dagen giet. Wa wit moat wy it pykje fannewike wer fange en moat der wer in swiere kar makke wurde.