It luske fan de ôfdrûchdoek wie skuort dus de doek woe net mear hingje en lei op’e grûn. Eartiids gong ik mei dit soarte saken nei mem of frege ik Nynke om der mei oan de slach te gean, mar – sa tocht ik no – dit moat ik dochs sels ek kinne?! Ik wist wol dat der in naaidoaske yn’e hús wie en ik haw ek wol ûngefear yn’e smizen wat der barre moat: de beide stikjes moat wer oaninoar knope wurde en dat kin nea sa yngewikkeld wêze.
Dus dêr siet ik jûnich mei in nuddel en in stikje tried te griemen en fielde my al hiel wat doe’t de beide stikjes stof wer aardich fêst sieten. Omdat ik net krekt wist wannear’t it fêst genôch siet, bin ik mar efkes troch gong. It sil net it moaiste keunstwurkje wêze, mar dizze lus lit wierskynlik net sa gau wer los.