Sjoelblokje

De sjoelbak wie omfallen tidens it skjinmeitsjen en hie dêrby aardich skea oprûn. Dizze bak stie dan ek net op in hiele handige lokaasje – op’e sliepkeamer efter de doar – mar dat is wol in plakje wêr’t hy net ien yn it paad stiet.

De blokjes leinen troch de hiele keamer, mar dy wiene wol aardich gau wer opromme. De breuk siet ‘m dochs mear yn it swakke plak yn’t midden, mar mei wat montaazjetrúkjes hie ik de saken neffens my wol aardich wer reparearre.

Jûns foar it sliepen gean kaam it ûngemakje my efkes wer yn’t sin. ‘Wy misse noch ien sjoelblokje’, fertelde ik neidat ik dizze stikem by de frou yn bêd stoppe hie. ‘Hast wol goed socht’, wie de wol ferwachte reaksje wêrnei ‘t sy fansels begong te sykjen. Ik moast wol in bytsje laitsje doe’t sy ’m ek net fine koe mar him úteinliks dochs noch fûn.