De lêste tiid fernim ik regelmjittich dat myn ûnderbroek wat wiet is. Hiel stikem sjoch ik dan wolris efterom en tink ik wolris: it sil dochs net? Ik bin ommers de fyftich ek al foarby en by sommige mannen op leeftyd kin it plassen troch bepaalde lichaamlike feroarings wolris wat minder maklik gean.
Der kin fansels ek wol fan alles feroarje wêrtroch it júst wat makliker rint. Hja lêze ommers fan alles oer prostaatfergrutting en plasproblemen op hegere leeftyd en werom soe my dit besparre bliuwe?
Okkerdeis kaam ik der achter dat der in gatsje yn myn fytssadel sit. Myn fyts stiet in soad bûten en it reint de lêste tiid nochal en dan is ien plus ien al gau twa. Ik koe fêststelle dat myn brûk allinnich nei in fytstochtsje wiet wie en in nije sit hat al myn âlde manneproblemen dy’t ik my yn’e holle helle hie oplost.