Wa hat mei syn auto no wer sa ús perkjes fernield? Ik sit my wat drok te meitsjen oer it djippe spoar yn it gers wylst ik de kontener by de wei set. Mei myn pantoffeltsjes oan nim ik in wat gruttere stap om de sokken droech te hâlden, mar dy blykt krekt wat te grut en ik gjin ûnder út, op’e kont yn de blabber.
De auto en it spoar kin my no efkes neat mear skille, ik moat sjen as ik hjir wei kom, sa is it iennichste dat ik my betinke kin.
‘Help!’, rop ik as ik wer binnen kom. Nynke prúst it út neidat sy har dêrfan fersekere hat dat ik net ferwûne bin, en pakt de telefoan om it skouspul mei in freondinne te dielen. Ik lûk myn klean út en begjin te spielen. Eins kin ik der no ek wol in bytsje om laitsje.