Wykeintsje fuort

“Wannear geane wy in wykeintsje fuort?” Wy binne mei seis pearen in jûntsje byinoar kaam om in wykein kampearren te plannen en sitte al in oere te praten oer koetsjes en kealtsjes as der ien it tiid fynt foar it ûnderwerp en de aginda der by pakt.

Efkes is it in momintsje stil en lústerje wy nei inoar, mar al gau sitte wy wer drok troch inoar te praten oer data dy’t wol en net geskikt binne. “Ik stjoer wol in datumprikker!”, opperet dan ien as it der net fan liket te kommen.

“Wêr geane wy hinne?”, is dan de folgjende fraach dy’t op tafel komt en hiel efkes lústerje wy mei syn allen nei in pear foarstellen, mar al gau is de struktuer wer fuort. Dan komme de hapkes op tafel. Noch stees is net bekend wêr’t wy hinne geane en wannear, mar it wie wol hiel gesellich.