‘Ik bin wer thús! Tige tank foar alle waarme oandacht en kaartsjes dy’t ik krige haw. Rom fjouwer wike lyn bin ik ‘yn reparaasje’ kaam nei in oantal jierren fan stil stean en oankwakkeljen. Hiel blied bin ik dan ek dat ik der no wer hielendal tsjinoan kin, de simmer yn’e mjitte.’
Boppesteand berjochtsje komt fan myn motor dy’t ik fanmoarn wer ophelle haw út de garaazje. Nei sa’n fjouwer jier fan stilstean troch allegearre omstannichheden en dus ek gjin ûnderhâld, woe der net mear ride en moast wol yn renovaasje.
Fansels bin ik like bliid as myn motor dat ik ’m wer thús haw en wy tegearre wer ride kinne, dat lit it moaie waar mar wer komme, ik haw yn myn belibjen lang genôch net riden. Trouwens, de kaartsjes haw ik sels stjoert en de waarme oandacht kaam ek hielendal fan my. Ik haw der wer nocht oan!