Weachskaal

Jannewaris is wer begûn en dat betsjut by in soad minsken de tiid fan goeie foarnimmens. De sportskoalle kriget it efkes wer in skofte wat drokker en ek de weachskaal wurdt wat faker ûnder it bêd wei helle. “Joehoe!”, sa klonk it ek hjir yn’e sliepkeamer doe’t de earste kilo fuortwurke wie.

It is dochs in hiele toer om ús gewicht wat yn oarder te hâlden. In buorreltsje mei in hapke derby klinkt allinnich al gesellich. Wy hawwe it der mar swier mei. No kinne hja fansels hiel hurd oan it wurk gean mei ôffallen, hja kin it ek oars oanpakke.

Sa wurde der yn it nije jier by dielkast Us Stekje in weachskaal brocht troch in jongedame dy’t har net mear deprimearje litte wol troch it gewicht dat ferskynt. “Ik wit wol dat ik te swier bin”, sa fertelt se oer har foarnimmen. Sy leveret gewoanwei har weachskaal yn.