Unhandich

Fanmoarn liet ik it bakje mei kattebrokken yn de bykeuken donderje en leit de hiele flier besaaid mei dit guod. Nei in pear hurde wurden beslút ik om foaral rêstich te bliuwen, de kat stiet derby te wachtsjen en derom folje ik earst it bakje wer. Mar dan bin ik sa handich om dit net yn it lege itensbakje te dwaan, mar yn it wetterbakje derneist…

No wurd ik lilk op mysels, pak driftich it wetterbakje en iepenje de doar om de drabze bûtendoar te smiten, mar stuiterje dan op in lege gieter dy’t tsjin de doar oan waaid is. Ik jou de gieter in traap, klets de troep it gers yn en stean yn twa rappe stappen wer binnendoar. Poes wit net wat sy der oan hat. Ik probearje my yn te stringen, folje it wetterbakje wer en gean earst te kuierjen. Opromje komt daalks wol, earst rêstich wurde.