Unhandich

It is somtiden in aardichheid om gewoanwei te sjen wat oare minsken sa al by’t ein hawwe. Sa stie ik sneontemoarn yn alle rêst by te supermerk te wachtsjen en seach hoe ûnhandich as de winkelkarren dêr eins opstelt steane.

Der is mar ien iepening om in karre mei te krijen en lâns dizze wei moat de karre der ek wer yn nei it boadskipjen, en der stean nochal wat fan dizze dingen parkeard. As it dan ek noch ris wat dreech giet mei it muntsje om de karre los te krijen, dan stiet der samar in rigje minsken te wachtsjen.

Oan de gesichten fan dizze wachtsjende klanten is dan faaks wol de sjen dat net eltsenien like folle tiid hat; de hastigens is dúdlik fan de gesichten te lêzen. Ut fatsoen hâlde dizze minsken harren meastentiids wol yn, mar sommigen soene wol efkes flink yngripe wolle, sa observearje ik.