Efkes sjen hoe’t de situaasje derhinne leit yn Bartlehiem – de earstfolgjende finishplak fan myn alvestêdepaad – dat wie op dizze hjerstige freedtemiddei it doel fan myn motorritsje. Mar safier bin ik net kaam.
Foarby Feanwâlden binne de widske greiden prachtich om troch te riden, mar ik moat wol stees faker efkes sjen wêr’t ik del moat. Fan út it gers ryd ik it smelle asfaltdykje wer op en dan blykt it rântsje krekt wat te heech te wêzen. Ik reitsje út balâns en in pear tellen letter lis ik mei de motor op’e side.
Lofter skonk der ûnder, it kostet my wat muoite om it saakje wer oerein te krijen. Net ien fan de trije tsjinlizzers stekt in hân út, mar ik krij it foarinoar. Myn pols docht al gemien sear, mar ik haw neat stikken, de motor riid noch, it iennichst wat ik op dit momint wol is: nei hûs.