Spesjale froulju

Al wiken bin ik dermei dwaande: it bouwen fan in website, it ynskriuwformulier en it meitsjen fan de meisjongpresintaasje sadat sa’n hûndert froulju op sneon 9 novimber in moaie dei belibje kinne mei harren frouwenspesjal.

As hast iennichste man bin ik dizze dei oanwêzich. Wol in hiele drokte tusken al dat keuveljen hear, mar ek wol wer hiel bysûnder tusken al dizze leave froulju – wêrûnder myn eigen. Foar harren doch ik it úteinlik allegearre, as sy in moaie dei hawwe, is myn dei ek slagge.

As tank krij ik in hearlike koek mei. Hjoed stiet der ek nochris in moaie bosk blommen foar my yn’e keamer. “Leave Dick! Sûnder dy gjin frouwenspesjal, tige tank foar dyn ynset”, stiet der op it kaartsje. Ik krij in dikke krûp fan de fjouwer ‘kwekkende’ froulju en moat hjirtroch stikem efkes in lyts trientsje litte en kin oars net as tinke: graach dien famkes!