Snietekken

Fan’e moarn om sân oare wie ik net de earste dy’t troch de strjitte gong. De spoaren yn de prachtige snietekken litte sjen dat der al twa auto’s oerhinne riden binne. Yn’e Alde Jirden is allinnich in kuierder mei in hûn my foar west.

Op it havenpaad tink ik wol de earste te wêzen, mar hjir is de snieskower my al foar west en hat de snielaach al oan’e kant skood. In stramme wyn komt fan it lân, in fytser wrot slingerjend troch de snie en beslút úteinlik dochs mar om op’e wei te gean fytsen.

Op it paadsje njonken de fiver bin ik de earste kuierder, ik kin net iens sjen wêr’t ik rinne moat, fyn it suver skande om de prachtige snietekken te fernielen mei myn grutte fuotstappen. It bliuwt moai om de earste yn’e snie te wêzen, mar dan moatte hja wol betiid ûnder te tekkens wei.