Skelkje

“Werom hasto in skelk foar?” In âldere man besjocht my fan boppe nei ûnder neidat hy de spullen besjoen hat dy’t foar my lizze op’e tafel. Wy steane op in duorsumensgearkomst en dêr lis ik út hoe’t wy – troch molke fan it boerehiem te heljen en net út’e supermerk – gjin ferpakkingsmateriaal mear fuort hoege te goaien by ferbrûk fan suvel en lit ik sjen hoe’t ik dat klear meitsje.

“Eartiids hiene allinnich froulju in skelkje foar”, is de man syn reaksje op myn antwurd en hy bliuwt my strak oansjen, lykas soe ik him in ferklearring skuldich wêze. Ik wit efkes net wat ik sizze moat, ik bin leau ik in bytsje ferslein. “No, ik doch wolris wat wurk yn de keuken en derom haw ik in skelk foar”, wit ik noch te sizzen. Gelokkich fynt de rest fan de gasten it wol grappich dat ik in skelkje foar ha.