Troch de ferjonging yn de buert moast der nei safolle jier mar wer ris oan Sinteklaas dien wurde. De Pieten om kadootsjes en pipernuten út te dielen wiene der samar, oer in heiligman wurde net praat. ‘As der in klazenpak komt, stap ik deryn’, sa pofte ik yn de ferûnderstelling dat dit dochs wol net barre soe.
Mar twa dagen letter die al bliken dat it serieus naam wie en wie der in pak regele. Doe koe ik der fansels net mear omhinne… Sa kaam it dat ik justermiddei mei twa jonge Pieten tusken de bange berntsjes stie om de goeie man wat út te hingjen.
No ik moat sizze, ik spring dochs leaver wat yn’e rûnte, bin wat ûndogens en wat mei froulju oan it gekjeien; it spyljen fan swarte Piet past krekt wat better by my, mar wy hawwe it mei syn trijen dochs mar efkes dien!