“…en daar komt Sint-Martinus an!” In groepke fan fiif jonges en famkes stiet by ús foar de doar begrutlik te sjongen. It sil ’m wol oan my lizze, mar it slagget my by dit soad eveneminten nea om hiel entûsjast te sizzen hoe moai as sy wol net song hawwe en hoe geweldich de lampionne is.
Ien fan de jonkjes docht fuortdaliks neidat ik harren wat snobbersguod foar hâld in stap foarút en dûkt op it lekkers ôf. “Ik sjoch neat!”, klaget hy earst. “Allinnich mar sûkelade?!”, giet hy sikkeurich troch. Efkes kin ik gjin wurden fine om op dizze ûntankberheid te reagearjen en miskien is dat mar goed ek, want fansels stiet der ek in mem fierderop op de oprit.
“Dat fyn ik stom!”, hear ik him sizzen wylst sy wer fuort rinne. – “Soademiter op”, tink ik krekt noch net lûdop. It Sint-Maarten feest is werklik wier bedoarn.