Punten fan ôffallen

In oantal froulju diele alle sneontemoarns yn in berjochten-app harren gewicht om inoar te stimulearjen it oantal kilo’s sa leech mooglik te hâlden en as de skealwizer dochs de ferkearde kant op giet, inoar te bemoedigjen dêr wat oan te dwaan.

Sy begripe inoar hielendal by it útstellen fan it ôffallen as der in pear feestjes of itentsjes oan sitte te kommen en ek de fakânsje is in goed argumint om de wizer in tydsje net al te bot yn’e gaten te hâlden. “Ik tink dat wy it momint fan weagjen mar op in oare dei dwaan moatte”, sa hearde ik okkerdeis in foarstel foarby kommen. “Op sneontemoarn bin ik altyd it swierst.”

– “Miskien moatte jimme ris sjen nei geselligens en ynhâld fan de freedtejûn”, opperje ik, dy’t it as man dochs logysk en oplossing tinkend sjen bliuwt. “Dêr hat Dick miskien dochs wol in punt”, is de reaksje.