Priuwerij

Heit wie syn kast oan it opromjen west en derby hie der nochal wat drankflessen fûn, mei ferskillende jiertallen. “Wat moat ik hjir mei?”, sa frege hy him of. Fuortgoaie fûne wy beide net in goed ding. “Wy sykje it út”, sa kundige ik oan. “Jûn hawwe wy drankpriuwerij.”

En sa stie ik freedtejûn om njoggen oere by heit, de âld man siet noch oan’e tee. Wy begûnen mei in advokaatsje mei wat slachrjemme en dêrnei stie der noch in flutske wisky. De Disaronno Amaretto smakke ek wol, mar de Tia Maria fan acht jier âld hawwe wy mar troch de goatstien goait, lykas de heale flesse ûnbekende bearenburch.

Heit hie soarge foar wat bitterbaltsjes en healwei de jûn siet’r aardich skot yn’e saak. Mei de koarewyn – dy’t ek noch prima smakke – binne wy mar opholden. Wy meitsje de priuwerij in oare kear wol ôf, it wie gesellich sa.