Primeur (150)

Sy soe dapper op de nije fyts mei elektryske ûndersteuning nei it wurk, mar de waarfoarspelling wie net goed. De radars hiene net gelyk, it earste fytstochtsje hie wol kind.

De primeur skode in dei op, doe soe sy mei in freondinne – dy’t ek krekt sa’n flot fytske kocht hie foar it wurk – te shoppen op’e merke yn Kollum. “Wy fleagen troch it lân”, sa sjogge sy werom op de hinnereis doe’t sy fansels gesellich kletst hiene. “By de brêge fan Blauforlaet efkes skeakelje fan Eco nei Turbo…”

De weromreis kloppe de foarspellingen foar de feroaring wol en hiene de froulju in bêste bui hân. Dweiltrochwiet kamen se thús. “Oan’e ûnderbroek ta”, sa krige ik te hearren mei it fersyk om de moarnsjas te heljen en te helpen mei útklaaien yn’e garaazje. Wat kin in waarm bad en in lekker farsk bakje kofje dan hearlik wêze. De primeur hat west!