“Wat kin ik foar jo dwaan?” It famke dat my helpt haw ik noch net earder sjoen en ik sjoch dat sy noch wol in bytsje ûngemaklik is. “Doch mar oardel kilo Kanzi”, sa begjin ik myn bestelling. – “Oars ek noch?”
“In lyts bakje fan dit…”
– “Oars ek noch?”
“Doch mar wat fan dizze ierappels.”
– “Hoefolle woene jo haw?”
“Doch mar fyftich kilo.”
Sy pakt automatysk in lyts plestik pûdsje en begjint te skeppen.
“Tinkst datst it dêr yn hâlde kinst?” probearje ik.
Sy begrypt it net, wurdt senuweftich en ropt al hiel gau har kollega der by. Dy hat it ek net fuortdaliks troch en docht der in bytsje by as hy 0,3kg ôflêst. “Hoefolle woene jo haw?” Ik werhelje wer ris myn bestelling, dan hat ik dizze jongkeardel it yn’e smizen. Allegearre moatte wy humor en wurk leare mei it heljen fan bygelyks de plintljedder.