Yn de tsiiswinkel leit meastentiids wol in blok tsiis klear fan ûngefear in kilo, altyd netsjes ferpakt yn plestik. Dizze lis ik dan op de toanbank en rekkenje ik ôf. Op it momint dat ik myn betelling regelje, pakt de ferkeaper hiel automatysk noch in plestik pûdsje, wierskynlik om it ferfieren wat makliker te meitsjen.
“Dat pûdsje hoecht der net om hinne hear, der is al rotsoai genôch yn’e wrâld”, sa haw ik al in oantal kearen sein, mar alle kearen dat ik der wer kaam, die hy it automatysk wer. Nei in oantal kearen begûn der in ljochtsje te brânen doe’t ik ôfrekkene. “In pûdsje hoegde net, dochs?”
Krekt, wy probearje nammentlik safolle mooglik plestik ferpakking te foarkommen, ús kliko is der yn de rin fan’e tiid al aardich leger troch wurden. Hjoed gie it yn in automatyske beweging wer ferkeard en kaam der dochs wer in pûdsje om.