By it opromjen kaam ik in plakboek tsjin mei allegearre aansichtkaarten dy’t ik tastjoerd krige doe’t ik eartiids in wike yn it sikehûs lein haw. Ik wie doe tolve jier en ynternet en e-mail en dat soad saken bestiene noch net.
Ik krige aansichtkaarten mei moaie printen en bemoedigjende teksten as ‘moatst mar gau wer better wurde’ fan omkes en muoikes, fan de buorlju en fan skoallefreonen en -freondinnen. Efkes in fluch WhatsApp’ke út’e bûse dêr hoechdest net op te rekkenjen, hjir wurde tiid oan bestege.
Mem plakte dizze kaartsjes allegearre yn in boek en hâlde kuerich by fan wa’t ik allegearre in kadoke krige. In aardichheid om dit fiifenfjirtich jier letter noch ris te besjen, mar ek al is it eins in histoarysk dokumint, ik haw no dochs mar ris besletten om it op te romjen. Hja kin net alles bewarje, mar alle tasjoerders dy’t noch libje: tige tank!