Pine-yn mûle

It is trije oere yn’e nacht as ik wekker wurd. Yn myn mûle fiel ik in seurend gefoel earne efter yn myn kaak en ik wit út ûnderfining wol wêr’t ik ûngefear oan tinke moat; yn myn tinzen sjoch ik mysels al by de toskedokter yn’e stoel lizzen dy’t oan’e slach giet om de kweadogger fuort te wurkjen.

Ik probearje my wat del te jaan, mar it geseur hâld oan en it prakkesearjen ek en derom beslút ik aksje te ûndernimmen. Ik poets myn tusken, flos mei wat toskpoetsersguod en meitsje in kopke mei sâlt wetter klear om mei te guorreljen.

De oare moarns konkludearje ik dat ik goed hannele haw. Ik haw de rest fan de nacht goed slept sûnder geseur, sjoch dat der in soad fan ûntstutsen plakje sit en beslút hjirmei de kommende dagen oan’e slach te gean omdat foarkomme no ien kear better is as genêze.