“Wol it wat slagje?” De man siet al in tydsje mei it raam fan syn auto iepen nei ús ieverichens te sjen, de earmtakke ynteressearre op’e râne. Wy wiene dwaande mei it leech heljen fan de keamer yn in ferpleechhûs en hiene al aardich wat guod yn’e stationcar krige, mar dizze stoel wie dochs aardich oan’e maat.
Ien slach draaie, krekt oarsom deryn, it paste alle kearen krekt net. “Panda hin”, sa wiisde ús taskôger laitsjend op syn Fiat Panda, wêrmei’tst yn de jierren tachtich elkenien útlakest om de bjusterbaarlike bagaazje romte.
“Nee, wol jo ’m mei ha”, sa grapke ik werom. Dat hoegde de man net. Wy hawwe de stoel in flinke traap nei jun en doe krigen wy der ek noch in flinke tillevizje neist. De plant sette ik foar my del, tusken de fuotten, de blêden rûnom de earen. It past dochs ek yn de Renault Megane.