Oerskriedend gedrach

‘Fiet-fieuw!’ By in kuierke sjoch ik yn’e fierte in frommeske de wei oerstekken en ik fluitsje efkes. Sy bliuwt stean en wy sprekke inoar in pear tellen letter. “Dat kin net mear tsjintwurdich hin!”, sa krij ik te hearren en ik skrik eins in bytsje fan myn spontane aksje.

Gelokkich kinne wy inoar al hiel lang en binne wy allebeide út de generaasje dat dit noch gjin oerskriedend gedrach wie. Wy meitsje efkes in praatsje. Sy fertelt my fan har beppesizzer dy’t op de bûtenskoalske opfang (BSO) in famke wol aardich fynt en har út en troch wolris in tutsje jout. De juf hie him dêr op oansprutsen, dat koe net.

“Ja jong, de #MeToo begjint al op de BSO”, sa konkludearje wy skodholjend en nimme wer ôfskied. “No”, sis ik, “do kinst aanst op dyn wurk sizze datst neifluite bist en ik dat ik oansprutsen bin op oerskriedend gedrach.”