“In goed útein hin!” Noch gjin wike lyn winske elkenien inoar yn’e wylde wei in goeie jierwiksel ta. Nei de jierwiksel is de winsk feroare. “Segent nijjier!”, sizze wy no tsjininoar en wolle dêrby de hân jaan of sels in tút.
“Segent nijjier”, ropt in âldere frou fanmoarn nei in jong famke dat har foarby rint en drok op har telefoan oan it lêzen is. “Ja…”, antwurdet sy. Sy hat wierskynlik net iens yn’e smizen wêr’t it oer giet en kin de frou net iens. Wa hat dit manmachtich begroetsjen oan it ein en begjin fan it jier eins betocht? Werom dogge wy dit?
Litte wy inoar gewoan alle dagen in goeie dei winskje, aardich wêze foar de minsken dy’t wy leaf fine, mei wurkje, sporte of yn’e winkel tsjinkomme. Tiisdei wie it âldjiersdei, woansdei nijjier. Hjoed is it freed en moarn wurdt it sneon. In noflike dei tawinske allegearre.