“En… wurdt der wolris misbrûk fan makke?!” De ferkeaper bôget him nijsgjirrich oer de toanbank en sjocht my mei ûndogense eagen oan, sa fan: fertel it my mar ris efkes. De man doelt op de dielkast dy’t wy alwer in tiidsje op’e oprit stean hawwe mei it motto: ‘wat de ien net mear brûkt, hoecht de oar net te keapjen.’
It is echt bedoeld om de duorsumens foarút te helpen en net sa as dat yn’e omjouwing ek wol bart, it dielen fan iten foar de minder bedielden. Elkenien is wolkom by ús en dat antwurdzje ik dan ek: ‘nee, hjir kin gjin misbrûk fan makke wurde.’
Hy is sichtber wat teloarsteld mei dit antwurd en derom gean ik noch efkes troch: ‘hoe mear minsken der gebrûk fan meitsje, te mear hat it syn doel.’ De man rekkent mei my ôf en dript ôf mei de sturt tusken de skonken.