Neuswaks

“Wilt u neuswaxen meneer?” Ik sit by deselde freonlike kapper as de foarige kear en ik wit net krekt wat dizze nije service ynhâld, mar dat it giet om de hierkes dy’t ik ek wol yn’e noas haw, liket my dúdlik en derom beslút ik it mar te dwaan.

De barbier triuwt wattestaafkes mei waks yn myn noasgatten, drukt der efkes flink tsjinoan om dan fuortdaliks mar fan ûnderwerp te feroarjen. “Gaat u vandaag nog wat doen meneer?” As ik fertel dat ik in motorritsje meitsjen gean, fertelt hy dat hy moarn in fuotbalwedstriid spylje moat.

As myn kapsel der wol wer aardich kreas út liket te sjen, moatte de waxte staafkes der noch út. Yn ien rappe beweging skuort hy de stokjes der ien foar ien út en efkes freegje ik my ôf as myn noas der noch wol op sit, mar no wit ik wol wat neuswaksje is.