“Bûten is it droech, der stiet in lekker wyntsje en de loft kleuret oranje troch de sinne-opkomst”, sa kundigje ik oan. Dizze betide sneontemoarn kin net moaier begjinne. “En do giest te kuierjen”, sa klinkt de reaksje hjirop en noch gjin fiif tellen neidat ik dit befêstige haw, hear ik: “Ik gean mei dy mei.”
En sa steane wy op dizze prachtige sneontemoarn – wêrop útsliepe foarearst op it programma stie – om kertier oer sânen al bûtendoar foar in slach om’e haven. It bart de lêste tiid wol gauris dat wy tegearre betiid wekker binne en fuortendaliks begjinne mei in kuierke.
Ast noch lekker yn bêd leist, moast der miskien net oan tinke, mar as wy efkes letter ûnder de liedende Feanster toer delrinne en om kertier oer achten al ús moarnsbrochje nei binnen wurke hawwe, leit de hiele dei noch foar ús. Wy binne bliid dat wy it dien hawwe.